Frou mishannele op It Fean

16 mrt 2012 - 10:24
Foto: Omrop Fryslân

Op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in man út Ljouwert oppakt fanwege mishanneling. De plysje hie in melding krigen dat de man yn in hûs in frou oan it mishanneljen wie. Doe't de plysjes op it adres kamen, naaide de man hurd út.

Der waard fuortendaliks in boargernetaksje opset. Nei oanlieding fan ien fan de tips dy't dêrop kamen, koe de man op de Veluweleane oanhâlden wurde. Hy sit fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)