Skerpe foarwurpen yn wask MCL

© Omrop Fryslân
Skerpe foarwurpen yn de wask fan sikehuzen soargje foar gefaarlike situaasjes by waskerij Rentex Floron yn Boalsert. Skjirren, meskes en soms sels nullen dûke op yn it smoarge guod fan it sikehûs.
Nei't in meiwurker him stutsen hie oan in nulle hat it bedriuw de needklok let by ferskate sikehuzen yn Fryslân. It personeel soe better om har guod tinke moatte, neffens de waskerij. It is noch net wis oft de meiwurker siik wurde kin.