'Wrak gau oprêde'

30 maaie 2005 - 11:55

Ryskwettersteat sil sa gau mooglik it skipswrak oprêde dat fûn is tusken Skiermûntseach en Lauwerseach. It wrak leit yn de eardere farrûte dêr't no noch in soad skippen fan de brune float farre en smyt dêrom in soad gefaar op.

Tongersei ûntduts skipper Perdok fan Skiermûntseach it skip, dat in stik boppe it wetter útstekt. Hoe âld it is, is ûnbekend. Tiisdei sille minsken fan Rykswettersteat nei it wrak ta om te sjen hoe't de steat is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)