Waterstad FM wreidet gebiet út

© Omrop Fryslân
De Fryske radiostjoerder Waterstad FM wreidet syn aktiviteiten út nei Grinslân en Drinte. It stasjon hat in radiostasjon yn Veendam oernaam. It giet om Touch Radio, dat krekt as Waterstad FM benammen muzyk útstjoert.
Nei de oername feroaret der net in soad oan de programmearring. Wol sil der elk healoere in nijsbulletin te hearren wêze. Doel is dat Touch Radio heal juny oergiet nei Waterstad FM.