Alvestêdetocht yn ien kear rûn

© Omrop Fryslân
De 63-jierrige Wiebe Bleeker fan Boalsert en Jan Dokter (67) út Hoorn ha yn in lytse 42 oeren de Alvestêdetocht rûn. De manlju gongen sneontemoarn om sân oere út Boalsert wei, om dêr sneintenacht wer oan te kommen.
De manlju holden allinnich skoft om te iten en te drinken. Blierren of oare blessures ha se net oerholden oan har prestaasje. De manlju waarden op ferskate plakken oanmoedige troch ploechjes minsken.