Romp deade foks fûn

16 mrt 2012 - 10:19

Yn 'e Ljouwerter bosk is tongersdeitemiddei de romp fan in deade foks fûn. Yn febrewaris waarden al twa koppen fan deade foksen fûn yn dy bosk.

De plysje is nei oanlieding fan de fynsten dwaande mei in ûndersyk. Dat hat oant no ta neat opsmiten. De plysje freget dêrom minsken dy't wat sjoen hawwe of dy't mear witte, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Foks Ljouwerter Bosk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)