Kuorballers SCO promovearje

30 maaie 2005 - 09:56

De kuorballers fan SCO binne snein promoveard nei de haadklasse. De ploech út Aldeholtpea wûn mei 24-16 fan Blau Wyt. In fertsjinne oerwinning foar SCO dat dúdlik better wie.

De wedstriid tusken de twa teams wie in ekstraatsje. Yn de reguliere kompetysje yn de oergongsklasse C wie der noch gjin beslissing fallen. SCO wie gelyk einige mei Blau Wyt út It Hearrenfean. In beslissingswedstriid moast útwize wa't nei de haadklasse gean soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)