Harns hâldt twa miljoen oer

29 maaie 2005 - 21:41
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Harns hat ferline jier dik twa miljoen euro oerhâlden. Dat docht bliken út de jierrekken fan de gemeente.

It oerskot komt trochdat grûnferkeap mear opbrocht hat as ferwachte. Fierder wie de gemeente minder kwyt oan sosjale saken en oan leankosten as at rûze wie. Harns krige mear jild út it gemeentefûns. It jild dat oerbleaun is, wurdt foar it grutste part yn de algemiene reserves stoart.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)