400 boetes foar te hurd riden
De plysje hat by twa snelheidskontrôles yn Drachten hast 400 autobestjoerders op de bon slingere. Mei-inoar waarden op twa ferskate plakken goed 2200 auto's kontrolearre.
Der wiene twa bestjoerders dy't 77 kilometer yn de oere riden, wylst op beide diken net hurder as 50 riden wurde mei.