Nije Sweed by SC Heerenveen

© Omrop Fryslân
Sportclub Heerenveen krijt der wer in Skandinavyske spiler by. De 18-jierrige Tom Siwe tekenet fannewike in kontrakt. Dat hat foarsitter Van der Velde bekendmakke.
Siwe is rjochtsback en stiet bekend om syn rinfermogen. Hy slút him earst oan by it belofteteam fan Sportclub Heerenveen. De Sweedske klubs Hammarby en Orgryte en it Deenske Bröndby hiene ek belangstelling foar de 18-jierrige ferdigener, sizze Sweedske media.