Tûzenen besikers Strjitfestival

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it Strjitfestival yn Ljouwert ferwachtet tritich- oant fjirtichtûzen besikers yn de haadstêd. Benammen it moaie waar lokket in soad minsken nei it festival.
It Waagplein is it plak foar it strjitteater. Op oare plakken yn de stêd spylje bandsjes of binne der iepen poadia. It strjitfestival wurdt sneontejûn op it Gouverneursplein ôfsluten mei dj-act Wipneus & Pim en in show mei fjoer en wetter.