Keatsfjild út 16e ieu fûn

29 maaie 2005 - 12:37

By opgravingen yn it sintrum fan Grins hawwe argeologen in keatsfjild út de 16e ieu fûn. Bûten Fryslân wurdt no hast nearne mear keatst, mar dat wie hiel oars yn de midsieuwen. Doe wie it keatsen in hiel populêre sport yn hiel West-Europa.

De argeologen hawwe de fûneminten oantroffen fan in soarte fan hal fan sa'n 35 by 8 meter, in oerdekte keatsbaan. De keatsbaan bliuwt noch in wike sichtber oan de Lutkenieuwstraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)