Ljouwerter rêdt man út grêft

29 maaie 2005 - 09:33

In 24-jierrige Ljouwerter hat yn de nacht fan freed op sneon in man rêden út in grêft yn syn wenplak. De Ljouwerter kaam ôf op in trelit by de Willemskade. Omstanners seine dat der al tsien minuten in man yn it wetter lei. De Ljouwerter is doe fuortendaliks yn de grêft sprongen en koe de man, dy't doe krekt út de tiid rekke, boppe wetter hâlde.

De drenkeling is ûnderkuolle mar bûten libbensgefaar nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)