Arjen Bultsma wijd ta pryster

© Omrop Fryslân
Doktorandus Arjen Bultsma is sneon yn Grins wijd ta pryster. Bultsma is foargonger fan de Sint Franciscus-parochy yn Frjentsjer.
De 28-jierrige Bultsma is ôfstudearre as theolooch yn Utrecht en hat him nei syn stúdzje yn Rome spesjalisearre yn de dogmatyk. Snein liedt pryster Bultsma de fiering fan de hillige eucharisty yn de tsjerke fan de Franciscus-parochy yn Frjentsjer.