Sinteklaas komt oan yn Snits

© Omrop Fryslân
De lanlike yntocht fan Sinteklaas is dit jier yn Snits. De stoomboat leit op 12 novimber oan by de Wetterpoarte. Sinteklaas wurdt ûntfong troch boargemaster Brok. Dêrnei makket er in rûnrit troch de stêd.
De oankomst wurdt streekrjocht útstjoerd troch de NPS. De gemeente sil de kommende moannen mei de omrop en de Snitser winkellju it programma fierder útwurkje. De Fryske oankomst wie ferline jier te sjen by Omrop Fryslân.