Ofslútdyk oer, mar dan achterút

© Omrop Fryslân
In protte minsken ha wol ris de Ofslútdyk oerfytst. Mar nei alle gedachten net achterstefoaren... En al hielendal net op in tandem. Johan Koeleman en Alex Boere út it Grinzer Overschild sille it dwaan en binne de earsten dy't it sa dogge.
De manlju wolle oer in pear wike de 32 kilometer lange tocht ûndernimme. Se wolle sa jild ophelje foar ûndersyk nei de sykte MS. De helm moat wol op, want echt fertroud is it noch net....