Krematoarium de Pein iepene

28 maaie 2005 - 08:06

It tredde krematoarium fan Fryslân is freed iepene yn de Pein. Krematoarium en útfeartsintrum De Wâldhôf tinkt dêr dit jier sa'n 300 kremaasjes te fersoargjen. Monuta Uitvaartzorg- en verzekeringen is de eigner fan it krematoarium yn de Pein.

Der binne fierder krematoaria op it Hearrenfean en yn Goutum. Hieltyd mear minsken kieze foar in kremaasje. Lanlik kiest de helte fan de minsken hjirfoar; yn it noarden is dat 40 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)