Undersyk nei parkeargaraazje

© Omrop Fryslân
Der moat dochs in ûndersyk komme nei de mooglikheden fan in parkeargaraazje op De Merk yn Dokkum. In riedsmearderheid hat dêr tongersdei ta besletten. Njonken de parkeargaraazje op De Merk soe der ek in parkeargaraazje komme moatte by de Achtzaligheden oan de súdkant fan it sintrum.
It CDA hat lêsten in eigen fisy op it parkearbeleid jûn. De partij seit dat twa garaazjes Dokkum Europeeske allure jaan kinne.