Wolvegea wol bibleteek oan hûs

27 maaie 2005 - 17:04

De bibleteek fan Wolvegea wol in bibleteek oan hûs opsette. Dy is bedoeld foar âlderen dy't sels gjin boeken ophelje kinne. It giet dan om minsken dy't troch in hendikep of sykte net nei de bibleteek ta komme kinne.

Frijwilligers sille tenei boeken of tiidskriften by har thús bringe. De bibleteek siket earst noch út oft der ferlet fan is. Alderen dy't gebrûk meitsje wolle fan de besoarchtsjinst, kinne har oanmelde by de bibleteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)