Supportersbemiddeling mislearre

© Omrop Fryslân
De supporters fan fuotbalklub Harkemase Boys kinne de krisis by de klub net oplosse. De fans hawwe woansdeitejûn besocht te bemiddeljen yn it konflikt. Ofrûne wykein stapten njoggen spilers fan it earste âlvetal op. Reden is in konflikt fan spiler Martijn Groenewold mei de sponsorgroep fan de Boys.
Mei it bestjoer is no ôfpraat dat de opstapte spilers noch altyd wolkom binne by de A-seleksje. Dat jildt net foar Martijn Groenewold.