'Kultuer' is lilk op provinsje

26 maaie 2005 - 17:37

It provinsjebestjoer kin rekkenje op krityske fragen fan de Steaten. De provinsje wol in miljoen euro besunigje en woansdei wie dêr in ynsprekjûn oer. Fyftjin ynsprekkers leveren in bydrage, ûnder oare it Frysk Museum, it Natuermuseum, it Skipfeartmuseum yn Snits en it Lânboumuseum yn Eksmoarre.

De ynstellings hawwe nei eigen sizzen hurde tasizzings fan de provinsje oer in finansjele bydrage. Mar dy driget no faai te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)