Friezinne twadde by foarlêzen
Nathalie Roux út Drachten is foar Fryslân twadde wurden by de nasjonale foarlêswedstryd 2005. De wedstryd waard woansdei hâlden yn Amsterdam. Shadya El Shafiy út Grinslân waard winner.
Nathalie Roux wie foarlêskampioen fan Fryslân en mocht dêrom oan de finale meidwaan. Oan de foarronden yn it lân diene dik 70.000 bern mei. De foarlêswedstryd is in inisjatyf fan ûnder oare de Stichting Lezen en de feriening fan iepenbiere bibleteken.
Trefwurden:
argyf