Jachthavens en strannen skjin

© Omrop Fryslân
Seis jachthavens en trije strannen yn Fryslân hawwe in Blauwe Flagge krigen. Se foldogge oan ynternasjonale regels fan skjinnens en feiligens. Dat binne de jachthavens op De Lemmer, yn Jirnsum, Warkum en op Skylge en it Amelân.Op dat lêste eilân krije ek trije strannen in blauwe flagge.
Lanlik krije 44 jachthavens en fjirtich strannen in flagge. Dat binne mear as ferline jier. Ek it tal blauwe flaggen yn Fryslân is omheech gien.