Menameradiel kiest lytse bybs

© Omrop Fryslân
Menameradiel moat it tenei dwaan sûnder in echte eigen bibliotheek. De gemeente moat besunigje en hat tenei allinne noch trije 'lytse biebs', yn Dronryp, Menaam en Berltsum. Dat hat de gemeenteried tongersdeitejûn besletten. Mei de maatregel wurdt 26.000 euro besparre.
Yn lytse bybs steane mar in pear hûndert boeken en se binne beheind iepen. Se binne foaral bedoeld foar basisskoallebern.