Waadkonferinsje op It Amelân
Op It Amelân is tongersdei en freed in grutte konferinsje oer it Waad. Alle gemeentebestjoeren fan Nederlânske, Dútske en Deenske waadeilannen dogge dêroan mei.
Op de aginda stiet ûnder oare de feiligens op de Waadsee en de nominaasje foar Wrâlderfguod-status foar it gebiet. Fierders wurdt der ek praat oer wynmûnen. Boargemaster Verhoeven fan It Amelân hat sawat hûndert gasten op it eilân ûntfongen.