Trampolinespringers nei WK

© Omrop Fryslân
Trampolinespringster Karin de Vries fan de turnskoalle op It Hearrenfean is selektearre foar it wrâldkampioenskip. Dat wurdt yn septimber yn Eindhoven hâlden. De Vries waard by it Nederlânsk kampioenskip yn Zoetermeer koartlyn twadde.
By de manlju is Milco Riepma oanwiisd. Riepma traint sûnt koart by de Feanster turnskoalle.It is de bedoeling dat er him op it Hearrenfean ek tariede sil op it WK-trampolinespringen.