Platfoarm:gjin klachten staking

26 maaie 2005 - 10:14

It pasjinte- en konsuminteplatfoarm Fryslân hat noch gjin inkelde klacht krigen oer de staking fan de hûsdokters. It platfoarm hat in meldpunt ynsteld foar as minsken klachten ha oer de berikberens fan de hûsdokters. Dêr hat noch net ien oer belle. Der belje wol minsken dy't de aksje fan de dokters stypje. Neffens it platfoarm ha de dokters goed regele wat der dien wurde moat yn gefal fan need.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)