Crystalic yn Ljouwert ferkocht

© Omrop Fryslân
It grutte glêzen Crystalic-gebou oan de râne fan Ljouwert is ferkocht foar 6,7 miljoen euro. De ING-bank hie it gebou te keap oanbean, omdat de eigner de hypoteek net mear betelje koe.
De nije eigner is de firma Sipkema Vastgoed Beheer út Capelle aan de IJssel. Dy wol krekt as no de romtes yn it gebou ferhiere. Op dit stuit sitte de hierders sûnder elektrisiteit en tillefoan. Sipkema hopet dat dat yn fjouwer wike tiid ferholpen is.