Opstappen Adema net ûnferwachts
It opstappen fan Wytze Adema as foarsitter fan Cambuur Ljouwert komt net ûnferwachts foar de Ried fan Tafersjoch. Foarsitter Schuitema hat begryp foar it beslút fan Adema, ek al omdat de sportive doelstellings foar dit jier net helle binne.
De ried hat al twa minsken frege Adema op te folgjen, mar dy wolle net. Takom wike praat de ried fierder mei ferskate partijen. Dan wurdt de syktocht nei in nije foarsitter fuortset.
Trefwurden:
argyf