Traumahely te lang ûnderweis

25 maaie 2005 - 16:00

It Noarden hat neat oan in trauma-helikopter dy't nachts út Soesterberg wei fljocht. Dat seit it Universitêr Medysk Sintrum Grins. Minister Hoogervorst fan Folkssûnens wol ien sintraal jûns- en nachtplak foar traumahelikopters yn Nederlân. Hy hat dêr 2,5 miljoen euro foar útlutsen.

Neffens it UMCG is de helikopter te lang ûnderweis om goede help te bieden yn it Noarden. De plannen binne neat wurdich, seit in wurdfierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)