Roomske ûnderskieding De Kleine

© Omrop Fryslân
Bestjoerslid De Kleine fan de Stichting Bonifatiustoren hat de tsjerklike ûnderskieding Pro Ecclesia en Pontifice (foar de tsjerke en de paus) krigen. Hy krige de priis op in spesjale parochygearkomste yn it Titus Brandsmahûs yn Ljouwert. Fikarus Te Velde oerlange him de ûnderskieding.
De Kleine hat him bot ynset foar de restauraasje en it werstel fan Titus Brandsmahûs en de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert.