CDA-er tsjin Europa-grûnwet

© Omrop Fryslân
CDA-Steatelid Benedictus stimt tsjin de Europeeske Grûnwet, ek al is syn partij foar. Foaral dat it aaisykjen dit jier op grûn fan de Europese Fûgelrjochtline ferbean is, is him min nei it sin. Neffens it steatelid komt Nederlân om yn de Europeeske regels.
Dat syn eigen partij no krekt opropt om foar de Europeeske grûnwet te stimmen is foar Benedictus net sa wichtich. Syn kollega-steateleden hâlde it derop dat Benedictus in bytsje yn de war is.