Provinsjemeiwurkers kleie bot

© Omrop Fryslân
De provinsje hat de hannen fol oan beswierskriften fan eigen meiwurkers. Ferline jier kaam mear as de helte fan it folsleine tal klachten fan de eigen meiwurkers. Se giene benammen oer de nije funksje-omskriuwings en wurdearrings. De ôfhanneling duorret no te lang, fynt de provinsje sels ek. Dêr stean no 20 wiken foar en dat moatte 14 wurde. Dêrfoar moatte mear juridyske meiwurkers komme.