Besunigings Eaststellingwerf

25 maaie 2005 - 15:42

In grut tal meiwurkers fan de gemeente Eaststellingwerf giet de kommende jierren mei pensioen. De gemeente sil by alle funksjes besjen oft dy frijkomme of wer ynfold wurde. De gemeente tinkt dat der op dy wize 150.000 euro besparre wurde kin.

De besunigingsmaatregels út de kadernota 2006-2009 waarden tiisdei presintearre. It gemeentebestjoer wol wol jild frijmeitsje foar in multyfunksjoneel sintrum yn Waskemar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)