Vriend wint op De Jouwer

25 maaie 2005 - 13:55

Rudy Vriend fan Waarland wûn tiisdeitejûn de 42e Ronde fan De Jouwer. Nei in moaie finale kaam Vriend solo oer de einstreek. It wie foar de hurdfytser de twadde oerwinning op De Jouwer. Yn 2002 wie er ek de bêste.

Sierd Steigenga fan Eksmoarre - de winner fan 2003 en 2004 - waard twadde. Op it tredde plak einige Wim Stroetinga fan Aldeberkeap. Aloys van Duuren fan Hoogeveen waard fjirde, Germ van der Burg fan Folsgeare fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)