'Neisoarch moat oars'

24 maaie 2005 - 10:34
Foto: Omrop Fryslân

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten giet net genôch mei de tiid mei. De wize fan neisoargjen yn it lân feroaret, allinne it Bûn bliuwt itselde. Dat seit Anne Venema, de greidfûgel-koördinator fan de provinsje.

Venema lûkt oan de bel omdat it neffens him mei de neisoarch fan greidefûgels yn Fryslân de ferkearde kant opgiet. As neisoarch-ynstellings en boeren gjin bettere ôfspraken meitsje, dan sil de populaasje greidfûgels hurd ôfnimme.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)