Bruin nei Stormvogels/Telstar

24 maaie 2005 - 06:31

Cambuurspiler Jan Bruin (35) spilet it kommende seizoen by Stormvogels/Telstar út Velsen. Cambuur Ljouwert hie earder oanjûn nei mear fierder te wollen mei Bruin. Jan Bruin hat by Telstar in kontrakt tekene foar in jier. Yn in reaksje seit hy dat hy hiel bliid is dat hy syn karriêre yn it fuotbal noch mei in jier ferlinge kin.

Bruin spile freed yn Haarlim syn lêste kompetysjewedstriid foar Cambuur. Hy skoarde doe twa kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)