Ynwenner Strobos oerfallen

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Strobos is sneintenacht ferwûne rekke by in oerfal op syn hûs. Twa manlju mei messen stoarmen flak nei tolven de keamer fan it 61-jierrige slachtoffer yn. Der ûntstie in fjochtpartij, wêrby't de man ferskate kearen yn syn skonk stutsen waard. It slachtoffer wist de twa oerfallers wol it hûs út te wurkjen.
It giet om twa manlju fan tusken de 20 en 35. In krekt sinjalemint is der net, omdat de manlju bivakmûtsen op hienen.