Keunst achter de Dokkumer ruten

23 maaie 2005 - 16:37

De keunst giet achter de ruten yn Dokkum. Fan nije wike freed ôf kinne jo yn de etalaazjes fan 35 winkels en horekapanden yn it sintrum echte keunst sjen. Goed twa moannen lang kinne de keunstners har wurk kwyt yn de winkels.

De kommisje Kunstbolwerk Dokkum wol keunstners út Dongeradiel en omjouwing sa de kâns jaan om har wurk breedút te eksposearjen. Sa moatte se de oandacht krije dy't se fertsjinje, seit Henk Olivier fan de kommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)