Jeugdhonk nei Akkrum-East

© Omrop Fryslân
It jeugdhonk fan Akkrum ferhuzet mooglik nei Akkrum-East. B&W fan Boarnsterhim wolle ûndersykje litte oft der yn de nije wenwyk ek in gaadlik plakje is foar in jongeresintrum. It ûndersyk wurdt keppele oan it ûndersyk dat dien wurdt nei de nije lokaasjes foar in brede skoalle en de sporthal dy't ek yn dizze wyk komme sille.
It hjoeddeistige jeugdhonk achter de sporthal yn Akkrum foldocht net mear oan de easken.