Benzinedieven yn Ljouwert
Trije ynwenners fan Boalsert fan 28, 27 en 23 jier, en in 32-jierrige man út Den Haach binne oanhâlden troch de plysje doe't se besochten benzine te stellen. Se besochten dat sneintenacht te dwaan fanút in boat oan de Jornsmastate yn Ljouwert.
De benzine woene se brûke foar har eigen boat, mar de eigner seach wat se diene en belle de plysje.