Fabriek tredde by gersbaanraces

© Omrop Fryslân
De ynternasjonale gersbaanraces op 'e Gordyk waarden snein wûn troch de Dútser Matthias Kröger. Pleatslik favoryt Jannick de Jong lei yn 'e finale op it twadde plak, mar gie yn 'e lêste bocht ûnderút. Dirk Fabriek fan Jobbegea lei beslach op it tredde plak.
By de sydspannen waarden Tjeerd Hoekstra út Aldeholtpea en syn bakkenist Henk Auwema twadde. By de jeugd waard Jan Okko Loonstra fan Surhústerfean twadde by de 125 cc's.