Partoer V.d. Meer wint Sint Anne

© Omrop Fryslân
It partoer Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Chris Wassenaar hat sneintemiddei it haadklasse keatsen yn Sint Anne wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-2 fan it partoer Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf.
It partoer Johannes Dijkstra, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn waard tredde. Yn de heale finale krige Chris Wassenaar wurden mei Cornelis Terpstra, dêr't er doe tsjin keatste.