SCO en Blau-Wyt winne beide

23 maaie 2005 - 11:27
Foto: Omrop Fryslân

De kuorbalploegen SCO en Blau-Wyt ha sneintemiddei beide wûn. SCO spile tsjin Rodenburg. Dy wedstriid einige yn 17-16 foar SCO. Blau-Wyt Hearrenfean wûn mei 16-14 fan HKV/Ons Eibernest.

Dat betsjut dat de ploegen beide op in earste plak stean yn de oergongsklasse. Dêrom wurdt der takom wike snein in beslissingswedstriid spile om it kampioenskip. It is noch net bekend wêr't de wedstriid spile wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)