Brommers op inoar yn Drachten

23 maaie 2005 - 08:34

By in oanriding tusken twa brommerriders is in 20-jierrige man út Drachten ferwûne rekke. Dat barde op de Sydwende yn Drachten. De man joech gjin foarrang oan in jonge fan 16 jier, ek út Drachten.

De twa botsten tsjin inoar op. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonk nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)