Terpstra grutte man yn Wytgaard

© Omrop Fryslân
De útnoegingspartij yn Wytgaard is wûn troch Johan van der Meulen, Pieter Scharringa en Cornelis Terpstra. Yn de finale kaam alles oan de hang tsjin Sibbele Lootsma en Chris Wassenaar doe't Wassenaar de bal bûten brocht. Terpstra waard kening. De tredde priis wie foar Erik Seerden, Jan Willem van Beem en Marten Feenstra.
By de froulju yn Berltsum wûn it partoer fan Géjanne Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema.