V.d. Mark wer ûnder fjoer

© Omrop Fryslân
Boargemaster Rob v.d. Mark hat it hân mei syn gemeente Flylân. De lêste wiken fan syn amtstermyn weagje swier foar him. Ferline wike kaam er yn konflikt mei de gemeenteried. Dy ferwyt him solistysk gedrach. Earst mei it hoarekabelied en no soe de boargemaster op eigen manneboet in miljoenedeal mei Rykswettersteat ôfsletten ha, ûnder oare oer de oerdracht fan de haven. Neffens V.d. Mark sil de ried dêr noch oer prate.