Oanriding yn Dokkum

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige Dokkumer is freed ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It slachtoffer ried op syn scooter oer de Heechstrjitte en botste op in auto. Dy waard bestjoerd troch in 45-jierrige man.
De Dokkumer rekke ferwûne oan 'e holle en waard oerbrocht nei it sikehûs. Dêr waard him in bloedproef ôfnommen, om't de plysje it idee hie dat er dronken hie. Der is in ûndersyk ynsteld nei de krekte oarsaak fan it ûngelok.