Tinkstien foar Juliana ûntbleate

© Omrop Fryslân
Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert is sneontemoarn in tinkstien ûntbleate foar prinsesse Juliana. Sy ferstoar op 20 maart fan ferline jier, op 94-jierrige leeftyd. Bysûnder is dat dizze tinkstien de earste is foar Juliana yn hiel Nederlân.
It inisjatyf komt fan de Ottema Kingma-stifting en is in kadootsje foar de keninklike famylje. Der is keazen foar de Grutte Tsjerke om't dêr ferskate Nassau's yn de grêftombe lizze.