Drachtster Boys yn Amstel Cup

© Omrop Fryslân
De Drachtster Boys hawwe it grutte Amstel Cup-toernoai helle. Yn de noardlike Amstel Cup-finale yn Westerbork hawwe de Boys harren pleatst foar de striid om it tredde plak en dat is genôch foar it grutte Amstel Cup- toernoai, der't ek SC De Jouwer en Harkemase Boys oan mei dogge.
Nei trije kear 0-0 yn de poule, wûn Drachtster Boys yn de krúsfinale fan Oranje Nassau Grins mei 2-1. Dêrtroch is it grutte bekertoernoai no wis.